Soal (lichemsdiel)

(Trochferwiisd fan Soal (foet))

In soal is by in grut tal bisten (wêrûnder minsken) de ûnderkant fan 'e foet. It ekwifalint by evenhoevigen en ûnevenhoevigen is de hoef. In soal bestiet by minsken út in plat flak, dat yn 'e midden wat hol is. It is bedutsen troch hûd, dy't troch de konstante wriuwing (feroarsake troch rinnen) ferhurde is ta yl. Yn 'e soal befynt him in hege konsintraasje switklieren, dy't by in protte minsken ta it ferskynsel switfuotten liedt. As de holte yn 'e midden fan 'e soal him by lytse bern net ûntjout, of as er troch swierwêzen of âlderdom ynsakket, resultearret dat yn platfuotten. Oan 'e oare kant kinne soallen ek wer te hol wêze; dat neamt men holfuotten. Beide ôfwikings bringe problemen mei as men lang op 'e fuotten is.

De soallen fan minsklike fuotten (l. ♂; rj. ♀).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.