Sosjaal-Demokratysk Bûn

(Trochferwiisd fan Sociaal-Democratische Bond)

It Sosjaaldemokratysk Bond (SDB) wie de earste partij op sosjalistyske grûnslach yn Nederlân. Se waard yn 1881 oprjochte. De foaroanman fan it SDB wie de eardere dûmny Ferdinand Domela Nieuwenhuis.

Affysje fan de ôfdieling Amsterdam fan de SDB útstald yn it Ferdinand Domela Nieuwenhuis Museum op It Hearrenfean
Domela Nieuwenhuis
Karl Marx

De SDB stribbe nei in marxistysk-sosjalistyske mienskip wêryn it partikulier besit oerstallich wie. It bûn wie revolúsjonêr, dat ymplisearret dat de feroarings middels in revolúsje berikke woene. Dochs waard wol oan ferkiezings meidien en sa kaam Domela Nieuwenhuis yn 1888 yn de Twadde Keamer, mei help fan de anti-revolúsjonêren yn it kardistrikt Skoatterlân. Dy stimden op him, nei't De Standaard (it deibled fan de ARP) harren dat oanret hie.

Yn 1894 waard de namme feroare yn de Socialistenbond, en yn 1900 gie it SDB op yn de SDAP, neidat de radikale tûke fan it bûn al yn 1896 opstapt wie.

Utgongspunten fan it SDB

bewurkje seksje

De SDB basearre him op de ideeën fan Karl Marx, en syn wurk 'Das Kapital'. Sintraal yn dy ideeën stie de revolúsje, dy't nedich wêze soe op de kapitalistyske maatskippij te ferfangen troch in sosjalistyske steat. Yn de sosjalistyske heilsteat soenen dan gjin klassen mear bestean, priveebesit soe oerstallich wêze, alle besit soe mienskiplik wêze.
Dit waard wol as net direkt helber sjoen, de doelen foar de koarte termyn wienen rjochte op it ferbetterjen fan de situaasje fan de arbeiders.

De útgongspunten fan it SDB wienen:

  • algemien kiesrjocht
  • ôfskaffing fan it keninkryk, ynfiering fan de republyk
  • ôfskaffing fan leger en fleat
  • likense rjochten foar manlju en froulju
  • Ynje los fan Nederlân

Yn de praktyk waard dit bygelyks útwurke yn:

  • ynfiering fan sosjale fersekering
  • ferbod op berne-arbeid ûnder de 15 jier
  • fergees ûnderwiis
  • in seisoerige arbeidsdei foar froulju mei betelle ferlof by swangerskip en befalling
  • mear en bettere wenningen foar arbeiders
  • ferbettering fan it finzeniswêzen
  • stopje mei de oarloch yn Atjeh (Sumatra)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Archief SDB
  • J. Meyers - Domela, een hemel op aarde. Leven en streven van Ferdinand Domela Nieuwenhuis (Amsterdam 1993) 75.
  • J. Charité - De Sociaaldemocratische Bond als orde- en gezagsproblemen voor de overheid (1880-1888) (De Haach 1972) 11-12.
  • P. van Horssen en D. Rietveld - "De Sociaal Democratische Bond", in TvSG nr. 1, maaie 1975.