Sofija Tolstaja

(Trochferwiisd fan Sofia Tolstaja)

Sofija Andrejevna Tolstaja (Russysk: Софья Андреевна Толстая; Moskou 3 septimber 1844 - Jasnaja Poljana 4 novimber 1919), berne Behrs, wie in Russysk skriuwster dy't hast fyftich jier troud west hat mei de Russyske skriuwer Lev Tolstoj.

Sofija Tolstaja
It pear yn 1910
Famyljeportret út 1887

Sofija Behrs wie de dochter fan dokter Andrej Behrs, dy't yn it Kremlin wurke, en Ljoebov Alexandrovna Behrs. De famylje Behrs wie oarspronklik fan Prusysk komôf.

Op har achttjinde waard der in soad wurk makke fan Sofija troch de sechtjin jier âldere greve Lev Tolstoj. Twa jier letter trouden se.

Sofija waard sechtjin kear swier; mar acht fan har bern waarden folwoeksen. Hja skamme har faak foar har man dy't seksuele ûnthâlding foarstie. Sy wie in tawijde húsfrou. Mei ingelegeduld skreau hja Tolstojs manuskripten oer. Mar nettsjinsteande har grutte tsjinstberens wie Sofija in sterke persoanlikheid, gefoelich en artistyk. Sy skreau sels in roman dy't in protte priizge waard, ferhalen, memoarjes en in deiboek, dat yn Nederlân ferskynde yn de rige Privé-Domein. Dêryn lit se in soad bewûndering foar Tolstoj syn wurk sjen, mar ûntfâldet se ek har skeel mei har man. Har aard wie wat hinne-en-wer, ympulsyf. Har yn alle earlikens skreaune ego-dokumint wjerspegelet dat.

Sofija Andrejevna har roman Liet sûnder wurden, skreaun tusken 1897 en 1910, ferskynde earst yn 2010. Ek dat boek ferhellet fan in frou dy't net lokkich troud is.

Sofija Tolstaja wie in entûsjast amateurfotografe; dat late ta in grutte samling famyljefoto's, mear as 1000. Sy oerlibbe har man njoggen jier en stoar yn 1919.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  • (in)Autobiografy fan Sofija Tolstaja online op archive.org