Sêfte pornografy

(Trochferwiisd fan Softporno)

Sêfte pornografy of soft porno is in foarm of sjenre fan pornografy wêrby't it giet om simulaasjes fan geslachtsmienskip, wylst der gjin echt geslachtsferkear plakfynt. De froulike geslachtsdielen wurde dan yn 'e regel wol (flechtich) sjen litten, mar de manlike net of hast net. Dit yn tsjinstelling ta hurde pornografy of hard porno, wêrby't ekplisyt penetratyf geslachtsferkear werjûn wurdt. By sêfte pornografy wurdt faak it ien of oar brûkt om dielen fan bylden dy't as te eksplisyt beskôge wurde, te ferbergjen, lykas lang hier, hannen of oare lichemsdielen, of sekuer pleatste eleminten op 'e foargrûn fan 'e sêne, lykas planten of fruitskalen.

Opname fan in sêne út in sêfte pornofilm (Austraalje)

Sêfte pornografy is bedoeld om op te winen, en komt sawol yn digitale as printe foarm foar, en ek yn 'e foarm fan films en tillevyzje, sij it hieltyd minder, mei't dy foarmen troch de opkomst fan it ynternet almar mear yn it neigean reitsje. By de opnames fan sêfte pornografy komt it foar dat de akteurs en aktrises in soarte fan lateks skelkjes foar hawwe dy't de genitalia bedekke (mar dy't fansels bûten byld bliuwe), en dêr't fysyk kontakt fan 'e geslachtsdielen mei foarkommen wurde moat. Sêfte pornografy is yn 'e regel minder troch wetten en regels beheind as hurde pornografy, en betsjinnet ek in oar publyk, dat yn hegere mjitte froulik is.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.