Soldiers of Odin is in ynternasjonaal netwurk, dy't as in lokale boargerwacht operearret. De Soldiers of Odin sizze de boargers beskermje te wollen en de strjitten feilich te hâlden. It netwurk waard yn 2015 yn Finlân oprjochte troch Mika Ranta en fûn al rillegau meistanners yn benammen oare Skandinavyske lannen.

Soldiers of Odin
Sweedske leden fan Soldiers of Odin
Sweedske leden fan Soldiers of Odin
algemiene ynformaasje
ôfkoarting S.O.O.
type org. Boargerwacht
oprjochte 2015
oprjochter Mika Ranta
tal leden ûnbekend
offisjele webside
gjint

Soldiers of Odin yn Nederlân

bewurkje seksje

Sûnt juny 2016 binne de Soldiers of Odin ek aktyf yn Nederlân. Foar it earst barde dit yn Wynskoat, wêr't de boargerwacht in asylsiker efternei siet, om't dy neffens de Grinzer stjoerder RTV Noord in famke fan 12 jier lestich fallen hie.[1][2]

In punt fan krityk tsjin de Soldiers of Odin is dat de leden harren inkeld dwaande hâlde soe tsjin migranten, dy't harren skuldich meitsje oan kriminele aktiviteiten tsjin de autochtoane befolking. Partij fan de Arbeid-politikus Ahmed Marcouch sei dêrom te walgjen fan de wurkwize fan de Soldiers of Odin.[3] De Soldiers of Odin wize dizze krityk ôf en sizze allinnich te stribjen nei in feiliger maatskippij. Neffens in ferklearring fan 23 juny 2016 op harren Facebookside wolle hja gjin ûnderskie meitsje yn etnyske komôf.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: