De Solent is in seestrjitte dy't it eilân Wight fan Ingelân skiedet.

Solent
geografy
type wetter see-ingte
lokaasje tusken Wight en it fêstelân
    fan Ingelân
lân Feriene Keninkryk
lânsdiel Ingelân
greefskip Hampshire
Wight
koördinaten 50°47′12″ N, 1°17′42″ W
ûnderdiel fan It Kanaal
sifers
maks. lingte 32 km
maks. breedte 8 km
djipste punt 46 m
kaart
Solent (Feriene Keninkryk)
Solent
De lizzing fan de Solent yn it Feriene Keninkryk.

De Solent is in skipfeartrûte fan belang foar passazjiers, fracht en marine. Teffens is it gebiet wichtich foar rekreaasje, benammen wettersport en silen,[1] Jierliks wurdt dêr de Cowes Week, in sylevenemint, holden. De Solent leit yn de lijte fan it eilân Wight en hat in yngewikkeld tijepatroan, dat sines dien hat oan it súkses fan Southampton as haven. Portsmouth leit ek oan dit wetter en Spithead is bekend as it plak dêr't de Britske marine (Royal Navy) de tradisjone floatskou hâldt, dy't ôfnaam wurdt troch de monarch of the day.

Fierders is it gebiet fan grutte ekologyske en lânskiplike wearde, benammen om kust- en estuarium leefgebieten oan de iggen fan de Solent.[2] In grut part fan de kustline is beskerme gebiet (Special Area of Conservation).[3] It gebiet is part fan en grinzget oan in tal wichtige beskerme nasjonale lânskippen, dêr't it New Forest Nasjonaal Park, en it Isle of Wight AONB ûnder binne.

De Solent wurdt it neamd yn 731 as Soluente; Solent is "in namme út de foar-Ingelske tiid, dêr't de oarsprong en betsjutting fan ûnwis is."[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Solentpedia: rekreaasje
  2. Solentpedia: biodiversiteit
  3. Solentpedia: beskerme gebieten
  4. A.D. Mills, Oxford Dictionary of English Place-Names, 2e edysje (Oxford University Press, 1998: ISBN 0192800744), s. 318.