Sos del Rey Católico

Sos del Rey Católico leit yn it noardwesten fan de provinsje Zaragoza yn de Spaanske autonome regio Aragon.

Sos del Rey Católico
Emblemen
Bestjoer
Lân flagge fan Spanje Spanje
regio Aragon
provinsje Zaragoza
Sifers
Ynwennertal 568 (2022)
Oerflak 216,62 km²
Befolkingsticht. 2,71 ynw./km²
Hichte 652 m
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 42° 29'N 1° 12'W
Offisjele webside
Webstee
Kaart
Sos del Rey Católico (Spanje)
Sos del Rey Católico

It plak soe al bewenne wêze sûnt de romeinske tiid. Foar in lytsk skoft hiene de Moaren it der foar it sizzen, mar yn 1044 waard Sos troch Ramiro I oan it keninkryk Aragón tafoege.

Yn it jier 1452 waard de infant Ferdinand yn Sos berne, de letter kening Ferdinand de Katolyk. Dy berte ferliende it plak de tafoeging del Rey Católico.

Sûnt 1968 hat it sintrum fan Sos del Rey Católico de monumintestatus fan Conjunto histórico-artístico. Sos del Rey Católico wie yn 1985 it dekôr fan de film La vaquilla.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
  • Tsjerke San Esteban mei krypte
  • Tsjerke San José de Calasanz
  • Stedsmuorre mei tuorren
  • Casa de la Villa (riedhûs)
  • noardeastlik fan de beboude kom: kleaster en tsjerke fan Us-Leaffrou fan Valentuñana
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sos del Rey Católico fan Wikimedia Commons.