Spanning (gemoedstastân)

(Trochferwiisd fan Spanning (emoasje))

Spanning is minsklike gemoedstastân, wêrby't de folle oandacht yn beslach nommen wurdt troch in eksterne ynfloed. Men moat dan fral tinke oan foarmen fan fermaak, lykas literatuer, film, tillefyzje, ensfh. As men dêroer yn spanning sit, seit men dat soks spannend is. Sokke spanning wurdt ek wol omskreaun op opwinend. Bygelyks by horrorfilms kin it jin sa yn beslach nimme dat men der senuweftich fan wurdt. Soks wurdt beskôge as positive spanning. Men kin lykwols ek yn spanning sitte oer negative dingen. Sa kin men ûngerêst wêze as in famyljelid fier oer de ôfsprutsen tiid hinne mar net thúskomt, of kin men yn spanning sitte oer de útslach fan in medysk ûndersyk.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Sterkenburg, prof. dr. Piet van, et al., Van Dale Groot Woordenboek Hedendaags Nederlands, Utert/Antwerpen, 2002 (Van Dale Lexicografie), ISBN 9 06 64 81 447, s. 1318.