Spanning (narratology)
(Trochferwiisd fan Spanning (ferhaal))
Spanning, of mei in Ingelsk lienwurd suspense, is yn 'e narratology in elemint wêrmei't men de lêzers of sjoggers fan in wurk fan fiksje ynteressearje kin en oansette om útfine te wollen hoe't it ferhaal ôfrint. Dat wurdt dien troch by de lêzer of sjogger sels gefoel fan spanning op te roppen.
Der binne ferskillende narratologyske techniken om spanning yn in wurk fan fiksje te bringen:
- op dizenige manear foarútwize sûnder de ûntknoping priis te jaan
- ophâlde fan fertellen as de haadpersoan djip yn 'e swierrichheden sit en mei in oare ferhaalline fierder gean (cliffhanger)
- de ûntknoping útstelle troch it ferhaal stadiger gean te litten mei fertragingstechniken;
- derfoar soargje dat de lêzer mear wit as it personaazje dêr't it oer giet
- de lêzer misliede troch ynformaasje te jaan dy't letter net wier blykt te wêzen
- fragen oproppe dy't pas folle letter beäntwurde wurde
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |