Spekferriden of spekriden wie hurdriden op redens troch troude manlju fan alle leeftiden om spek. It waard yn Fryslân in soad dien tusken 1860 en 1930.

Eltse dielnimmer krige foar it meidwaan in pûn spek as in pûn beane. In protte lju, bytiden fan boppe de tachtich, skreaune faak út earmoede yn. Steds- en doarpspommeranten skreaune sokke wedstriden út; de befolking fermakke him mei de kaprioalen fan de earme, âlde stakkerts.

De winner krige in grut stik spek of in baarch, wêr't se de rêst fan de winter mei trochkomme moasten. Faak riden se op houtsjes yn de lange ûnderbokse. Ut de familjes dy it sprekriden wonnen binne in protte hurdriders kaam.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: