De Sperwer Groep, of Sperwer Holding, is in Nederlânske detailhannelsorganisaasje dy't ferantwurdlik is foar de supermerkformules PLUS en Spar. De organisaasje leveret guod en tsjinsten oan de oaniensletten selsstannige ûndernimmers fan har formules, dêr falt de kommersjele stipe op sawol lanlik as lokaal nivo ûnder. De ynkeap is, mei oare ûnôfhinklike detailhannelsorganisaasjes, konsintrearre binnen de ynkeaporganisaasje Superunie.

De Sperwer Groep waard yn 1928 oprjochte en hat in koöperative struktuer. Har aktiviteiten binne ûnderbrocht yn ôfsûnderlike wurkmaatskippijen, mei in eigen winstferantwurdlikheid.

Sperwer wie tegearre mei de Spar, de Centra, De VéGé en de ViVo ien fan de grutte Nederlânske frijwillige filiaalbedriuwen. Nei 1960 waarden de Sperwer winkels omboud ta selsbetsjinningswinkels ûnder de namme 4=6 en yn de jierren '80 omboud ta Plusmarkt-supermerken.

Nei de ûndergong fan Edah en Konmar yn 2006 naam Sperwer tegearre mei Sligro Food Group de Edah-supermerken fan Laurus oer. De Edah-supermerken dy't Sperwer bemachtige hie (sa'n 80) waarden omboud ta PLUS. Yn 2002 en 2003 waarden der ek al goed 80 Laurus-supermerken oernaam troch Sperwer.

De Sperwer Groep is foar 45% eigener fan Spar, de oare oandielen binne foar 45% yn hannen fan Sligro Food Group en foar 10% yn eigendom fan de selsstannige Spar-ûndernimmers.