St. Anger (liet)
St. Anger is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Metallica tusken2002 en 2003 en útbrocht op it album St. Anger fan Metallica út 2003. St. Anger is it twadde nûmer op it album en waard op 23 juny 2003 útbrocht as earste single fan it album.
St. Anger (liet) | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | Commando | |
artyst | Metallica | |
album | St. Anger | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Metal | |
útbrocht | 23 juny 2003 | |
opnommen | 2002–2003 | |
doer | 7:21 album 5:41 single | |
label | Vertigo | |
skriuwer | Kirk Hammett, James Hetfield, Bob Rock, Lars Ulrich | |
produsint | Bob Rock, Metallica | |
fideoclip | ||
Metallica: St. Anger (Official Music Video) | ||
resultaten | ||
hitlisten | top 40 - 22, Ultratop 50 - 43 | |
prizen | Grammy - Best Metal Performance - 2004 |
Oer it nûmer
bewurkje seksjeSt. Anger giet oer it op in positive wize fentilearjen fan lilkens. De fideoklip foar St. Anger waard opnaam yn de San Quentin finzenis. It wie de earste fideo wêryn't Robert Trujillo as nije bassist te sjen wie. Nettsjinsteande dat er net te hearren is yn it nûmer sels, om't it opnaam is mei in sesjemuzikant. De singleferzje fan it nûmer is twa minuten koarter as it orizjineel op it album St.Anger.
Muzikanten
bewurkje seksje- James Hetfield – Sang & Gitaar
- Kirk Hammett – Gitaar
- Bob Rock - Bas
- Lars Ulrich – Drums