St George's Cathedral (Southwark)

De Sint-Joariskatedraal (Ingelsk: St. George’s Cathedral) is de katedraal fan it roomsk-katolike aartsbisdom Southwark yn 'e Londenske borough Southwark en de parochytsjerke fan in multy-etnyske gemeente op 'e súdlike kant fan 'e Teems. De katedraal waard yn 'e jierren 1841–1848 neffens it ûntwerp fan Augustus Pugin yn neogotyske styl boud. Oant de iepening fan 'e katedraal fan Westminster yn 1903 wie de katedraal it sintrum fan it katolisisme yn Londen. Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de katedraal yn 1941 slim skeind troch de Dútske Luftwaffe. De katedraal waard tusken 1953 en 1958 mei wat feroarings wer restaurearre.

Sint-Joariskatedraal

St George's Cathedral

Lokaasje
lân Ingelân
plak Londen
koördinaten 51° 29' N 0° 6' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
aartsbisdom Southwark
patroanhillige Sint-Joaris
Arsjitektuer
arsjitekt Augustus Pugin
boujier 1841-1848
boustyl neogotyk
monumintale status Listed Building – Grade II
monumintnûmer 1385643
Webside
www.stgeorgescathedral.org.uk
Kaart
St George's Cathedral (Grut-Londen)
St George's Cathedral

St George'Chapel

bewurkje seksje

Sûnt de 16e iuw wie de fiering fan 'e roomske misse yn it Feriene Keninkryk ferbean. Dat jilde ek foar Ierlân, dêr't de mearderheid fan 'e befolking nettsjinsteande dat roomsk bleau. Pas tsjin 'e ein fan 'e 18e iuw, oantrune troch de Act of Union yn 1800 en de migraasje fan Ierske arbeiders nei Ingelân, begûn de emansipaasje fan 'e katoliken, dy't oan it begjin fan 'e 19e iuw ôfsletten waard mei de Catholic Emancipation Act fan 1829. Yn 1790 waard der foar de katoliken fan Londen oan de London Road yn Southwark in kapel boud, dy't wijd waard oan de hillige Joaris). Al gau wie de kapel te lyts en yn 'e jierren 1830 waarden der plannen makke foar in gruttere tsjerke, dy't ek rekken hold mei it herstel fan 'e katolike hiërargy yn Ingelân.

 
It oarspronklike oansjen fan 'e katedraal yn 'e 19e iuw.

Augustin Pugin, in bekende arsjitekt, krige it projekt al gau yn 'e rekken en wist it mei grutte ambysje nei him ta te lûken. Hy tekene in opfallende basilika mei in kapittelhûs, in kleastergong en konvintsgebouwen, mar it plan waard te djoer. By in nije ynskriuwing ûnder fjouwer arsjitekten mei in beheinde opdracht om foar £ 20.000 in tsjerke mei 2.500 sitplakken, in parochyhûs en in skoalle foar jonges en famkes te tekenjen, krige Pugin's ûntwerp de foarkar. Nije swierrichheden ûntstiene mei't de gemeente by de oankeap fan bougrûn en it ferlienen fan 'e fergunning strange betingsten oplei. Ek al wie de emansipaasje fan katoliken offisjeel, by dielen fan 'e beolking lei de emansipaasje fan katoliken nochal gefoelich. Mar op 26 april 1841 koe der dochs sûnder publike plechtichheden in earste stien lein wurde. Ek al moast de bou moast ferskate kearen fanwegen brek oan jild stil lein wurde, op 4 july 1848 waard de tsjerke dan dochs yn gebrûk nommen.

 
It fieren fan Sakramintsdei yn de ferneatige katedraal (1944).

De basilika fan Pugin wie 73 meter lang en 23 meter breed. De toer waard lykwols nea foltôge en bleau op in hichte fan 19,50. It rjochthoekich sletten koer wie yn ferhâlding mar koart. De trije skippen fan 'e tsjerke wiene hast like heech en hiene alle trije in sealtek. Sadwaande hier de neogoatyske tsjerke gjin ljochtbeuk.

Nei it yn gebrûk nimmen fan 'e tsjerke fûnen der noch ferskate feroarings en oanbouwings plak. It doksaal fan Pugin waard yn 1889 wer ferwidere. Pas yn 1894 fûn de plechtige ynwijing fan 'e katedraal plak.

 
Hjoeddeisk ynterieur.

Nei de Twadde Wrâldkriich waard wat der oerbleaun wie fan 'e tsjerke wer yn in ienfâldiger útfierde nijbou yntegrearre. It middenskip waard lykwols heger en de sydskepen krigen flakke daken, sadat der romte ûntstie foar in ljochtbeuk. Fan de oarspronklike ynrjochting fan Pugin binne dielen bewarre bleaun, wêrûnder it retabel fan it heechalter en de sakramintskapel.

Sûnt de weropbou is de katedraal wer it sintrum foar katolyk Southwark. Yn 1998 besocht de Dalai Lama de katedraal en yn 1982 paus Jehannes Paulus II. De paus wurdt yn ien fan de glês-yn-leadramen útbylde. De koerbanken yn 'e katedraal binne makke troch George Pace en skonken troch de Anglikaanske katedraal fan St Albans.

It oargel waard yn 1958 troch de oargelbouwer John Comton boud en yn it jier 2000 troch Ellis Scothon nijsjoen en restaurearre. It ynstrumint hat 72 registers op trije manualen en pedaal. De spyl- en registertraktueren binne elektropneumatysk.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: