St John's (Smith Square)
St John's oan Smith Square is in earder tsjerkegebou yn it sintrum fan it Smith Square yn Westminster, Londen. Sûnt de tsjerke troch de bombardeminten op Londen yn 'e Twadde Wrâldkriich útbaarnde, is de oarspronklik Anglikaanske tsjerke bûten gebrûk steld en tweintich jier letter nei in restauraasje yn gebrûk nommen as konsertseal.
Sint-Jehannes (Smith Square)
St John's, Smith Square | ||
Lokaasje | ||
lân | Ingelân | |
plak | Londen | |
adres | Smith Square | |
koördinaten | 51° 29' N 0° 7' W | |
Tsjerklike gegevens | ||
status | bûten gebrûk as tsjerke funksje: konsertseal | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Thomas Archer | |
boujier | 1713-1728 | |
boustyl | Ingelske barok | |
monumintale status | Grade I listed building | |
Webside | ||
www.sjss.org.uk | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe monumintale tsjerke waard troch Thomas Archer (* 1668 - † 1743) ûntwurpen en foltôge yn 1728. It wie ien fan 'e fyftich nije tsjerken, dy't yn it ramt fan in oerheidsprogramma foar it waaksjende Londen boud waard. Foar it jild foar de útfiering fan it programma waard yn 1711 by wet regele dat der in heffing kaam op 'e ymport fan koal yn 'e haven fan Londen.
It gebou mei fjouwer hoektuorren en monumintale frontons wurdt beskôge as ien fan de moaiste foarbylden fan 'e Ingelske barok.
De nei Jehannes de Evangelist ferneamde tsjerke tsjinne de parochy 213 jier. Op 10 maaie 1941 waard de tsjerke rekke troch in Dútske brânbom en baarnde dêrnei folslein ôf. Tweintich jier lang bleau de tsjerke dêrnei as in iepen ruïne stean. Dat is gebou bestean bleau is te tankjen oan Lady Parker fan Waddington, dy't yn 1962 in Freonen-stifting oprjochte om jild yn te sammeljen foar de werbou fan 'e tsjerke. Har krewearjen wurdt noch jimmeroan betocht mei in plakette oan 'e súdlike muorre fan de konserthal.
Sûnt de yn 1969 foltôge weropbou is de eardere tsjerke ien fan 'e grutte konsertsealen fan de haadstêd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:St John's, Smith Square
|