Stairway to Heaven

Stairway to Heaven is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Led Zeppelin tusken desimber 1970 en febrewaris 1971 yn de Island studios en útbrocht op it namleaze album Led Zeppelin IV út 1971. Stairway to Heaven wie it fjirde nûmer op it album en hoewol't it nûmer nea as single is útbrocht groeide it út ta in hardrock klassiker.

Stairway to Heaven
algemiene ynformaasje
artyst Led Zeppelin
album Led Zeppelin IV
taal Ingelsk
sjenre Hardrock
útbrocht 8 novimber 1971
opnommen Island studios,
desimber 1970 – febrewaris 1971
doer 8:03
label Atlantic
skriuwer Jimmy Page,
Robert Plant
produsint Jimmy Page
Jimmy Page syn Gibson EDS-1275 double-neck

Oer it nûmerBewurkje

Stairway to Heaven waard foar it grutste part skreaun troch Page, en it grutste part fan de akkoarnerige wie al útwurke doe 't de opnamen begûnen. De teksten binne skreaun troch Plant en giet oer in frou dy't alles naam sûnder iets werom te jaan. Page spile it nûmer mei ferskillen de gitaren yn. Om it nûmer dochs ek live spylje te kinnen brûkte Page by optredens in Gibson EDS-1275 double-neck.

MuzikantenBewurkje