Stanley (Falklâneilannen)
| |||
Lân | Feriene Keninkryk | ||
Gebiet: | Falklâneilannen | ||
Ynwennertal | 2115 (2006) | ||
Tiidsône: | FKT (UTC-4) Simmertiid FKST (UTC-3) | ||
Webside: | www.falklandislands.com |
Stanley (yn it ferline Port Stanley neamd) is de iennige stêd en haadstêd fan de Falklâneilannen. Stanley leit op East-Falklân. De havenstêd hat sa'n 2000 ynwenners (2001).
Stanley is ferneamd nei de Britske minister fan Koloanjen fan 1841 oant 1844, Lord Stanley, fanwegen wa't de delsetting yn 1843 stifte waard.
De delsetting waard rillegau in reparaasjehaven foar skippen ûnderweis troch de pleatslik rûge seeën nei de Stille Oseaan fia Magellaanstrjitte (foar de oanlis fan it Panamakanaal). Letter waard Stanley in basis foar de walfisk- en seehûnejagers yn de Súdlike Oseaan.
Earst yn 1979 waard der in fleanfjild iepene. Dêrwei wurde kommersjele flechten op Sily ûnderhâlden en militêre troch de Royal Airforce op Grut-Brittanje dy't ek troch boargers benutte wurde kin.
Falklânkriich
bewurkje seksjeUnder de Falklânoarloch yn 1982 besetten de Argentinen it plak, en werneamde har Puerto Argentino, de Argentynske namme foar it plak. Nei de kriich waard dat weromdraaid.
-
Stanley út de loft wei sjoen
-
Katedraal fan Stanley
-
Wapen fan Stanley