Stasjon Uelzen is in stasjon yn de Hanzestêd Uelzen oan de eastlike râne fan de Lüneburger Heide yn it noardeasten fan Nedersaksen.

Stasjon Uezlen
Bahnhof Uelzen
Stasjon Uelzen yn 2009
Stasjon Uelzen yn 2009
lokaasje
lân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Landkreis Uelzen
plak Uelzen
adres Friedensreich-Hundertwasser-Platz 1
arsjitektuer
stasjonskoade HU
6310
type Bf
iepening 1847
boujier 1847 1e stasjonsgebou
1855 Hannöverscher Bahnhof
1873 Halberstädter Bahnhof
1888 Inselbahnhof
2000 Hundertwasser-Bahnhof
sloopjier 1888 Halberstädter Bahnhof
arsjitekt 1888 Hubert Stier
oare ynformaasje
perrons 5
perronspoaren 7
spoarline Hamburg-Hannover
Uelzen–Langwedel
Uelzen–Stendal
15.000
offisjele webside
bahnhof.de
kaart
Stasjon Uelzen (Nedersaksen)
Stasjon Uelzen
Stasjon Uelzen omtrint 1900

It oarspronklike stasjonsgebou waard werboud as ûnderdiel fan in Expo 2000 projekt op basis fan de ideeën en it konsept fan de Eastenrykske keunstner Friedensreich Hundertwasser. Yn totaal stopje der eltse sa'n 220 treinen op it stasjon. en wurdt it stasjon sa'n 15.000 reizgers en besikers brûkt [1].

Nei't yn 1847 de hjoeddeiske spoarline Hannover - Hamburg fan de Königlich Hannöversche Staatseisenbahnen fan Hannover nei Celle fia Uelzen trochlutsen waard, ûntstie it stasjon Uelzen. It oarspronklike provisoaryske stasjonsgebou waard in koarte tiid letter troch in fakwurkgebou ferfongen. Nei't it reizgersoantal yn de rin fan de jierren omheech gie, waard yn 1855 oan de Hoefftstraße in nij Hannöverscher Bahnhof yn Tudorstyl boud.

Nei de anneksaasje fan it Keninkryk Hannover troch Prusen waard de Amerikalinie, in direkte ferbining tusken de haadstêd Berlyn en de marinehaven Wilhelmshaven, boud en yn it jier 1873 iepene. Trije spoarweimaatskippijen dielden it stasjon. Trochdat de ynwenners fan Uelzen, as trouwe Hannovernaren, net woene dat de treinen tusken Bremen en Berlyn op it Hannöverschen Bahnhof stopje soene. Hjirtroch waard oan de westkant fan it Hannöverschen Bahnhof de Halberstädter Bahnhof boud. Oant 1888 hold dy situaasje stân, doe't de Halberstädter Bahnhof alwer ôfbrutsen waard en troch in eilânstasjon (stasjonsgebou tusken de spoaren) fan arsjitekt Hubert Stier ferfongen waard.

Nei't it stasjon yn de Twadde Wrâldkriich bot skansearre rekke wie en troch ferskate oanbouwen en ferbouwingen in grut diel fan syn oarspronklike struktuer ferlern hie, waard yn de midden fan de jierren 90 in konsept foar de ferbettering fan it stasjon ûntwikkele. Yn 1999 waard it konsept as projekt fan de Wrâldtentoanstelling Expo 2000 erkend. It gebou en de perrons waarden nei it ûntwerp fan de Weense keunstner Friedensreich Hundertwasser. De útfiering fan it ûntwerp lei yn hannen fan arsjitekten Peter Pelikan en Heinz M. Springmann. Yn novimber 2000 waard it fernijde stasjon weriepene. Sûnt dy tiid is it in toeristyske attraksje mei jierliks oant mear as 450.000 besikers. Fan 2006 oant 2007 waard it stasjon modernisearre. Dêrby waarden alle perrons nei oanpast en barriêrefrij (rolstoeltagonklik) makke. Dêrby waarden ûntbrekkende dielen fan it ûntwerp fan Hundertwasser tapast.

Ofbyldings gebou

bewurkje seksje

Treinferbinings

bewurkje seksje
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
ICE 20 Intercity-Express (DB) Hamburg-Altona – Uelzen – Hannover – Kassel-Wilhelmshöhe – Fulda – Frankfurt – Wiesbaden Rydt om 'e twa oeren.
ICE 26 Intercity-Express (DB) Stralsund – Hamburg – Uelzen – Hannover – Kassel-Wilhelmshöhe – Frankfurt (Main) Ride alle oeren tusken Hamburg en München. Alle twa oeren is der in trein nei/van Oldenburg. Inkelde treinen fia Augsburg. Ien trein deis ried troch nei Garmisch-Partenkirchen.
RE 2 Regional-Express (ME) Uelzen – Celle – Hannover – Elze – Kreiensen – Göttingen
RE 3 Regional-Express (ME) (Hannover – Celle –) Uelzen – Lüneburg – Winsen – Hamburg
RE 20 Regional-Express (DB Südost) Uelzen – Salzwedel – Hohenwulsch – Stendal – Tangerhütte – Magdeburg rydt ienris yn 'e twa oeren
RB 31 Regionalbahn (ME) Uelzen – Lüneburg – Winsen – Hamburg-Harburg – Hamburg rydt ienris yn 'e twa oeren
RB 37 Regionalbahn (Start) Uelzen – Munster – Soltau – Langwedel – Bremen rydt ienris yn 'e twa oeren
RB 47 Regionalbahn (Erixx) Uelzen – Wittingen – Wahrenholz – Gifhorn – Meine – Braunschweig rydt ienris yn 'e twa oeren
Tsjinstregeling fanôf: 11 desimber 2022

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: