Stavrovounikleaster

It Stavrovouniklooster (Gryksk: Ιερά Μονή Σταυροβουνίου, Ierá Moní̱ Stav̱rovouníou) is in Syprioatysk-otterdoks kleaster op it eilân Syprus west fan 'e havenstêd Larnaka. It kleaster soe troch de hillige Helena, de mem fan 'e Romeinske keizer Konstantyn, tusken 327 en 329 n.Kr. stifte wêze en dêrmei soe it ien fan 'e âldste kleasters fan 'e wrâld wêze.

Stavrovounikleaster
Μονή Σταυροβουνίου
Lokaasje
lân flagge fan Syprus Syprus
distrikt Larnaka
plak west fan Larnaka
koördinaten 34° 53' N 33° 26' E
Kleastergegevens
denominaasje Tsjerke fan Syprus
oprjochting 327-329
oprjochter Helena en Konstantyn
Kaart
Stavrovounikleaster (Syprus)
Stavrovounikleaster

Neffens de tradysje hie Sint-Helena op 'e weromreis út it Hillige Lân skipbrek by Syprus. Hja socht dêr in plak út foar de bou fan in kleaster. De kar foel op it plak dêr't earder in timpel foar Afrodite stien hie. Sint-Helena liet in stikje fan it Wiere Krús foar it it kleaster efter en sûnt dy tiid draacht it plak de namme Stavrovouni ("Krúsberch"). It is ien fan 'e wichtichste beafeartsplakken op it eilân Syprus.

De tagong is allinne foar manlju. Froulju meie it kleaster net yn. By de tagong stiet de Alderheljentsjerke fan Syprus, dêr't manlju en froulju in besite oan bringe kinne. Ek de boekwinkel kin troch manlju en froulju besocht wurde, mar dêrnei is it foar froulju ferbean gebiet. Yn it kleaster meie gjin foto's makke wurde. De tastellen moatte yn 'e boekwinkel ôfjûn wurde. Oan 'e foet fan 'e berch stiet noch in kleaster, it Agia Vavarakleaster.

 
Krús mei relikwy fan it Wiere Krús.

Under it bewâld fan 'e Lusignans (1192–1489) namen Benediktynske muontsen it kleaster oer. By in ynfal fan 'e Mammelukken yn 1426 waard it kleaster plondere en ferneatige, mar yn 'e Ottomaanske tiid (1573-1878) libbe it monastike libben likegoed wer op. It hjoeddeiske oansjen fan it kleaster giet werom op 'e 17e en 18e iuw en waard op 'e âlde resten boud, itjinge bliken docht út de kleastertsjerke, dy't yn it grûnplan kenmerken hat fan 'e mearkoepeltsjerken fan 'e 11e iuw. De gebouwen yn 'e binnenhôf wurde omfieme troch in fersterke fleugel mei de sellen fan 'e muontsen. De warmuorre oan 'e westlike kant mei de massive steunbearen giet werom op it Benediktynske kleaster en waard yn goatyske styl om 1400 hinne boud.

Under it kleaster lizze fjouwer systernen mei genôch ynhâld foar in wetterfoarried foar it hiele jier. Under de tsjerke leit ek in krypte, dêr't de bonken fan ferstoarne muontsen bewarre wurde nei't hja trije jier earder ferstoaren. Yn tiden fan gefaar hiene de muontsen ek in skûlkrypte boud, dêr't hja harren ferside holden en de kleasterskatten hinne brochten oant it wer feilich wie. Hjoed-de-dei is dy krypte in oan Helena en Konstantyn wijde kapel.

In grut krús mei sulverbeslach soe in splinter fan it Wiere Krús besitte.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: