In steaftsjerke (Noarsk: stavkirke) is in gehiel út hout oplutsen tsjerkegebou, mei in typyske boustyl dy't benammen yn Skandinaavje oantroffen wurdt. Steaftsjerken binne ûntstien yn de perioade dat it kristendom yn Skandinaavje ferspraat waard.
In steaftsjerke waard boud op in stiennen fundearring dêr't in frame of geramte fan houten balken op set waard. Op dit fûnemint rêsten de peallen. By de alderearste steaftsjerken waarden de staven of peallen yn in gat yn de grûn pleatst. Hoewol't dat foar genôch stabiliteit soarge, holden dizze bouwurken net lang stân trochdat de peallen troch ferrotting oantaast waarden. Dy peallen waarden oan de boppekant oaninoar fêstmakke mei in nij geramte fan horizontale balken. Dizze balken droegen de konstruksje foar it dak. Om dizze konstruksje genôch stevigens te jaan waarden trije metoaden tapast: earst waarden der tusken alle staven in pear krúslings pleatste staven setten, twad waarden der houten bôgen tusken de peallen pleatst en as lêste waard der in lege rûngong om de tsjerke makke dy't wichtich is foar de konstruksje. As ferbiningsmetoaden waarden brûkt: swellesturtferbining, houten pinnen en klam ferbiningen. In staaftsjerke waard nea mei spikers, neils of lym boud sadat de konstruksje fleksibel bleau en it hout wurkje koe (útsette en krimpe).
De ienfâldichste steaftsjerken binne lytse, rjochthoekige gebouwen en besteane út in skip en in lyts koar. It dak rêst op de muorren.
Gruttere steaftsjerken kinne in lange mêst yn 'e midden hawwe, dy't de toerspits draacht en dy't de muorren foar in part ûntlêst.
De meast komplekse steaftsjerken hawwe in hege romte yn 'e midden, dy 't droegen wurdt troch frijsteande mêsten; dy sintrale romte is omjûn troch legere sydboeken dy 't de konstruksje ferstevigje.