Steatssekretaris (Amerikaanske steaten)

In steatssekretaris of steatssiktaris (Ingelsk: secretary of state) is yn it regear fan 44 fan 'e 50 steaten fan 'e Feriene Steaten in meastal keazen funksjonaris dy't it tafersjoch oer de organisaasje fan it steatsbestjoer útoefenet, ferlykber mei hoe't it tafersjoch oer de bestjoerlike organisaasje fan gemeenten yn Fryslân útoefene wurdt troch in gemeentesekretaris. Ek Porto Riko, de Amerikaanske Famme-eilannen, Gûam, de Noardlike Marianen en Amerikaansk Samoä hawwe sa'n steatssekretaris.

Yn Firginia, Massachusetts en Pennsylvania, bestiet gjin steatssekretaris mar wol de ekwivalinte funksje fan sekretaris fan it mienebêst. Inkeld yn Alaska, Hawaï en Utah komt dizze of in soartgelikense funksje hielendal net foar; dêr wurde de taken dy't ornaris ta it wurkmêd fan in steatssekretaris hearre, útoefene troch de luitenant-gûverneur. Yn 35 fan 'e 47 Amerikaanske steaten mei in steatssekretaris of in sekretaris fan it mienebêst is dat in amt wêrfan't de beklaaiers by ferkiezings keazen wurde troch it elektoraat. Yn oare steaten wurdt de steatssekretaris oansteld troch de gûverneur of keazen troch it steatskongres.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.