Stedsregio Brussel
De Stedsregio Brussel is it grutstedske gebiet fan de Belgyske haadstêd Brussel en it omlizzende lân dat romtlik, sosjaal en ekonomysk op de haadstêd fan Belgje wiisd is.Yn it gebiet, net sjoen nei de bestjoerlike grinzen, foarmetd e stedske mienskip in funksjonele ienheid op it mêd fan wenjen, wurkjen, hannel, ûnderrjocht, wolwêzen, kultuerbelibjen en ûntspanning.
- Dizze side giet oer Stedsregio Brussel. Foar oare betsjuttings, sjoch: Brussel (betsjuttingsside).
Taheakjend oan de histoaryske stedskearn, de Fiifhoeke, ûntstiene yn de njoggentjinde iuw tichtbefolke stedske wiken yn Schaarbeek, Laken en Sint-Gillis. Mank 16 oare gemeenten foarmje se de kearnstêd, dy't oerienkomt mei it Brusselsk Haadstedsk Gewest en de Regio Brussel-Haadstêd. It stedsk gebiet rint oer de grinzen fan it gewest en bestiet út âlde stedsjes en doarpen dy't yn de rin fan de tweintichste iuw fergroeid binne mei de úttynjende stêd, lykas Vilvoorde, Halle, Zaventem en Waterloo. Yn dy agglomeraasje wenje likernôch 1,4 miljoen minsken. De bûtenste sône, besteande út foarstêden, banlieue troch de Frânsktaligen neamd, hat mear fersprate bewenning en mear griene romten en bestiet út de foarstêden lykas Kortenberg, Asse en Waver. De gânse stedsregio bestiet út it Brusselsk Haadstedsk Gewest en it omlizzende lân yn Flaamsk-Brabân, Waalsk-Brabân en Henegouwen, hat likernôch 1,8 miljoen ynwenners en is de grutste fan Belgje.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch nl:Brussel (stedelijk gebied) |