Gemeentesekretaris

(Trochferwiisd fan Stedssekretaris)

De gemeentesekretaris of gemeentesiktaris is de earste beliedsadviseur fan it Nederlânske kolleezje fan boargemaster en wethâlders of it Belgyske kolleezje fan boargemaster en skepenen fan in gemeente. Hy/sy wurdt yn de Nederlânske Gemeentewet lykwols net mear bestimpele as it haad fan de amtlike organisaasje.

Sûnt de ynfiering fan it dualisme yn 2002 hat de Gemeentewet twa njonkengeskikte funksjonarissen: de sekretaris en de griffier. De sekretaris is hjirby de stiper fan it kolleezje en de griffier fan de gemeenteried. De term gemeentesekretaris is yn dizze kontekst eins foarbehâlden oan de griffier. Ommers de Nederlânske Grûnwet hantearret noch altyd de term 'gemeenteried', dat de sekretaris fan de gemeente is de griffier. Duaal besjoen is it dêrom ek better te sprekken fan 'kolleezjesekretaris' en 'riedsgriffier'. De sekretaris is de earste oanwiisde om it kolleezje fan boargemaster en wethâlders (kolleezje fan B & W) te stypjen. De juridyske posysje fan de sekretaris is regele yn de Gemeentewet.

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders is ferantwurdlik foar de oanstelling, útstellen fan it wurk en it ûntslach fan de sekretaris (kêst 102 Gemeentewet). Yn België kin yn gemeenten mei mear as 60.000 ynwenners de sekretaris bystien wurde troch in amtner dy't as adjunkt-sekretaris troch de gemeenteried oan de sekretaris taheakke wurdt.

Keppelingen om utens

bewurkje seksje