Stellenbosch (gemeente)

Gemeente Stellenbosch is in gemeente yn Súd-Afrika, it leit yn it distrikt Kaapske Wynlannen dat yn de provinsje West-Kaap leit. De gemeente leit eastlik fan Kaapstêd en omfiemet ûnder oare de stêd Stellenbosch en it doarp Franschhoek. De gemeente is likernôch 831 kante kilometer grut[1] en hie yn 2007 in populaasje fan 200.524 minsken yn 36.413 húshâldens.[2]

Kaartsje fan Súd-Afrika, mei yn it blau de gemeente Stellenbosch.

Stêden en doarpen bewurkje seksje

Demografy bewurkje seksje

By de folkstelling yn 2001 wennen der 117.705 minsken yn 28.745 húshâldens yn de gemeente. De rasjale ferdieling fan de gemeente wie Swart 20,55%, Kleure 57,36%, Yndiaansk/Azysk 0,20% en wyt 21,88%.[3]

De taal yn it gebiet is oer it algemien it Afrikaansk, dat as memmetaal sprutsen wurdt troch 74,1% fan de minsken. It Ingelsk wurdt troch 6,9% fan de minsken sprutsen, it Xhosa troch 17,2%, it part dat oerbliuwt bestiet benammen út oare lokale talen.[4]

Polityk bewurkje seksje

Gemeenteriedsferkiezings 1 maart 2006 Gemeenterie
Partij Stimmen yn % Sitten Hjoeddeiske sitferdieling
African National Congress 42,04 16 17
Democratic Alliance/Demokratiese Alliansie 41,39 15 15
African Christian Democratic Party 4,80 2 2
Independent Democrats 4,47 2 1
Kayamandi Community Alliance 2,43 1 1
United Democratic Movement 1,91 1 1
Vryheidsfront Plus 0,84 0 0
Pan Africanist Congress of Azania 0,57 0 0
United Independent Front 0,46 0 0
First Community Party of South Africa 0,45 0 0
Oars 0,63 0 0

Stêdebân bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Gemeente Stellenbosch, Municipal Demarcation Board (sjoen op 8 novimber 2009)
  2. "Community Survey, 2007: Basic Results Municipalities" (PDF). Statistics South Africa (sjoen op 8 novimber 2009)
  3. Folkstelling 2001, Statistiken Súd-Afrika (sjoen op 8 novimber 2009)
  4. Folkstelling 2001, Statistiken Súd-Afrika (sjoen op 8 novimber 2009)