Steltkluten (Himantopus) foarmje in skaai yn de famylje fan de Klútfûgels.

De Steltkluten libje yn brak of sâlt wetterlân, yn waarme of hite klimaten. Se hawwe hiel lange poaten, dy't it skaai syn namme jûn hawwe. Se hawwe ek lange tinne snaffels, dy't se brûke om op de grins fan lân en wetter harren iten te finen, wetterynsekten en oare lytse dierkes.

Somtiden wurdt ek de Bânsteltklút ta dit skaai rekkene.

Klassifikaasje bewurkje seksje