Stien van Bilderbeek

Christina Wilhelmina (Stien) van Bilderbeek (Amsterdam, 23 septimber 1887 - 1979) wie de sekretaresse fan Anton Mussert, de lieder fan de Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging (NSB) yn Nederlân.

Stien van Bilderbeek

Sy groeide op yn in meniste middenstânshúshâlding yn Amsterdam. Nei de HBS folge se in hannelsoplieding en waard se yn 1905 direksjesekretaresse by de Amsterdamsche Bank. Sy krige dêr dien doe't se TBC krige en nei in kueroarde yn Switserlân moast. Yn 1921 kaam se werom yn Nederlân en begûn in pensjon yn Baarn, mar dat waard gjin sukses.

Van Bilderbeek waard yn 1923 sekretaresse fan Mussert doe't er by de Utertske Provinsjale Wettersteat wurke. Sy wie in him folslein tawijde frou, dy't har hiele priveelibben yn tsjinst fan Mussert syn wurk stelde. Typearjend foar Mussert syn formele ynstelling is dat er har yn de mear as tweintich jier fan nauw oparbeidzjen steefêst mei juffer Van Bilderbeek oansprutsen hat. Hja wie it earste froulike lid fan de NSB, dat de yn de NSB wenstige groet fan 'kammeraatske' hie op syn plak west.

Mei stamboeknûmer 27 stie sy sûnt febrewaris 1932 ynskreaun yn de lede-administraasje fan de NSB, dêr 't út bliken docht dat sy it 27e lid fan de beweging wie. Har broer F.W. van Bilderbeek wie de ponghâlder fan de NSB. Noch 3 fan har bruorren wiene ek lid fan de NSB.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: