Stijn Rietman (Drachten, 1 maaie 1979) is in Fryske keunstner út Holwert. Nei syn oplieding oan de PABO keas hy foar de keunst.

Selsportret, oaljeferve op paniel

Syn wurk bestiet meast út skilderingen, lânskippen, portretten en stillibbens.

De lânskippen binne benammen koel, keal en treasteleas. De iensumens komt dêryn bot nei foaren, mar wol mei in ferwizing nei de moaie kanten fan it allinnich wêzen. In weromlûken út de rêstleaze wrâld mei syn drokte en stress. Dizze rauwe ûnderwerpen hawwe wol wat fan it wurk fan Anselm Kiefer. Ek binne der ynfloeden fan Jan Mankes, Berend Groen en syn learmasters Matthijs Röling en Pieter Pander werom te sjen.

De minsken dy't op syn portretten útbylde wurde moatte wat fanselssprekkends hawwe. Taskôgers moatte der wat fan harren sels yn weromsjen kinne. Syn 'Selsportret' is yn 2007 oankocht troch it Drintsk Museum yn Assen. Stijn Rietman makket ek portretten yn opdracht.

Hy eksposearre de lêste jierren in soad, ûnder oare yn festigingen fan Galery Wiek XX, Akademy Minerva en it Festingmuseum yn Naarden. Yn 2008 en 2009 wienen der eksposysjes fan Stijn Rietman yn Realisme te Amsterdam.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: