Stille Bouke is in Fryske detektive. It boek waard útjûn yn 1948 troch de firma A.J. Osinga yn Boalsert. De eigentlike skriuwer wie by de earste útjefte allinne by de bewurker E.S. de Jong bekend. As it boek letter op 'e nij op lûdsdragers (kasette/skiif) útbrocht wurdt, dûkt de namme fan de skriuwer Hotze Eisma op. Yn ferskate ferhalen helpt detektive Stille Bouke de polysje tal fan misdriuwen op te lossen.