Stjerrestelsel (molkewei)

In stjerrestelsel is in grutte kloft stjerren dy't (relatyf sjoen) ticht byelkoar lizze wat ôfstân oanbelanget. Yn elts stjerrestelsel is gas, stof en (nei alle gedachten) tsjustere matearje oanwêzich. It systeem wurdt by inoar hâlden troch de eigen swiertekrêft. Stjerrestelsels hawwe ornaris in spiraalfoarmige, skiif- of bolfoarmige struktuer, mei dêrom hinne in bolfoarmige halo wêryn de swiertekrêft ek noch ynfloed hat.

It stjerrestelsel M51 yn Jachthûnen (Canes Venatici)


Dit artikel is in stobbe oer astronomy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.