Dwinger (jiskelân)

(Trochferwiisd fan Stoart)

In dwinger, jiskelân, jiskefek of stoart is in opslachplak fan foar ôffal.

Sûnt 1954 binne 54 hinderwetfergunnings foar sokke stoartplakken útjûn, wylst nei 1963 48 fergunnings op grûn fan de provinsjale feroardering Opskriften en Opslachplakken ferliend waard.

Oant yn de jierren '60 wie der yn hast elke gemeente in jiskelân. Nei de ynfiering fan de neamde feroardering is fan provinsjewege in sterke fermindering fan dit oantal neistribbe en rûn it tal stoartplakken hurd werom. Dizze fermindering waard makilker troch de sintrale ôffalferwurking yn ûnder mear it Bûtenfjild (ôffalbegraafmetoade) en yn Ljouwert (ôffalferbaarning 1974). It stribjen fan it Provinsjaal Bestjoer wie om alle ôffal troch ferbaarnen te ferwurkjen, mei ûnen yn Ljouwert en op It hearrenfean.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: