Stoomauto
In stoomauto is in auto dy't oandreaun wurdt troch in stoommasine.
Dit artikel is in stobbe oer technyk.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
It earste troch stoom oandreaune wein soe yn 1679 boud wêze troch Ferdinand Verbiest, in Flaamske jezuïet yn Sina. De wein wie ornearre as boartersguod foar de Sineeske keizer. Hoewol't it apparaat fan Verbiest net bedoeld wie om passazjiers te ferfieren en dus net echt in auto mar in koets wie, is it nei alle gedachten it alderearste troch in motor oandreaune wein.[1] De earste eksperimintele stoomauto's waarden boud yn de 18e en 19e iuw.
Ferneamde stoomautobouwers wiene:
- Amédée Bollée, Frânsk útfiner dy't fan 1873 oant 1883 stoomauto's makke.
- Stanley, Amerikaansk bedriuw dat fan 1903 oant 1927 stoomauto's makke.
-
De stoomwein fan Verbiest
-
In stoomauto fan Amédee Bollée út 1878
-
In Stanley-stoomauto út 1923
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |