Stout Bushmaster 2000
Stout Bushmaster 2000 | |
---|---|
Rol | Passazjiersfleanmasine |
Makker | Bushmaster Aircraft / Aircraft Hydro-Forming |
Earste flecht | Augustus 1966 |
Tal makke | 2 (1966-1985) |
De Bushmaster 2000 wie in lyts forinzefleantúch boud yn de Feriene Steaten, in besykjen om it Ford Trimotor-ûntwerp nij libben yn te blazen. It wurk begûn yn 1953 mei it testen fan in âlde Trimotor en yn 1954 kocht Bill Stout de ûntwerprjochten fan de orizjinele Trimotor. Troch lisinsjeproblemen mei de "Ford Tri-Motor" krige de Ford 15 - AT-D de namme Bushmaster 2000. Op 15 jannewaris 1955 makken Stout en partner Robert Hayden fan de Hayden Aircraft Corporation buorkundich dat se fan doel wiene om 1000 nije Bushmasters te bouwen, mar it soe noch alve jier duorje foardat it earste prototype fan it nije ûntwerp fleane soe.
De Bushmaster 2000 ûnderskiede him fan it oarspronklike ûntwerp út 1920 troch in soad nijmoadrichheden, benammen yn de kar fan materialen en konstruksjetechniken. Hy hie ek krêftigere motors, gruttere kockpitruten, in lichtere en sterkere hûd fan aluminiumlegearring, in grutter stabilo en in rêchfinne om de giering te ferminderjen, moderne trimflakken en betsjinningskabels oan de binnenkant yn stee fan de bûtenkant.
Mar sels mei moderne motoaren en trijeblêdige propellers wiene de prestaasjes fan it tastel net te ferlykjen mei dy fan hjoeddeiske ûntwerpen mei in ferlykbere kapasiteit en der folge gjin ferkeap. Yn kombinaasje mei finansjele, management- en marketingproblemen waarden der mar twa eksimplaren boud en in tredde romp waard nea foltôge.
De earste Bushmaster, N 7501 V waard boud yn 1966, en is eigendom fan Pleasant Aviation LLC At mid America flight Museum en stasjonearre op Mt Pleasant Regional Airport by Mount Pleasant, Teksas. It twadde tastel N 750 RW waard 18 jannewaris 1985 ôfboud troch Ralph Williams, de presidint fan Hydro-Forming yn Long Beach, Kalifornje. Dat fleantúch waard ôfskreaun by in ûngelok op Fullerton Municipal Airport, Kalifornje op 25 septimber 2004.
Technyske feiten
bewurkje seksjeGegevens | |
---|---|
Bemanning | 1–2 |
Passazjiers | 16–23 |
Lingte | 15,10 m |
Spanwiidte | 23,72 m |
Hichte | 4,20 m |
Fleugeloerflak | 83,60 m² |
Fleugelferlinging | 6,7 |
maks. gstartgewicht | 5.640 kg |
Heechste faasje | 210 km/o |
Fleanberik | 1.100 km |
Oandriuwing | 3 × Pratt & Whitney R-985-14 B HP fan 330 kW (450 hk) it stik |