Striidboun Fryslân Frij

It Striidboun Fryslân Frij wie in striidbûn (aksjegroep) dat yn it foarste plak selsbestjoer foar Fryslân ha woe.

Oprjochting en fokus

bewurkje seksje

Eeltsje Boates Folkertsma en Albertus Martein Sustring wienen yn 1947 fan betinken dat der wat feroarje moast yn de Fryske beweging. De Fryske beweging wie neffens de beide hearen in taalbeweging en gjin beweging dy't him polityk ynsette foar selsbestjoer fan Fryslân. Alhoewol't de groep yn 't earstoan frij lyts wie, krigen hja wol sympaty fan Fryske pommeranten. Yn 1948 wurdt it striidbûn offisjeel oprjochte.

Kêst trije fan it bûnskarbrief jout in priuwke fan wêr't it striidbûn foar stiet:

It Striidboun wol in steatsrjochteilike forhâlding mei dat Ryk, hweryn Fryslân eigen bilêstingen heft en eigen finânsjes biheart, syn ynkomsten en útjeften sels regelet, syn eigen oerheden en amtners kiest of bineamt, greater foech op it stik fan rjocht en rjochtspraek, eigen rjochters en eigen polysje hat, culturele autonomy bisit, alderearst op it stik fan it ûnderwiis, en de eigen soasjael-ekonomyske dingen sels birêdt. 1t wol dus selsbistjûr yn dy mjitte, dat dat alIinne bigrinzge wurdt troch de easken fan it Ryksforbân en goede federative oparbeiding mei de oare Ryksdielen.

Fuort nei de oprjochting wie it striidbûn ek aktyf yn de oare Fryslannen. Yn 1948 wurdt de 'Greatfryske Ried foar Politike Saken' oprjochte. Dat orgaan oppenearret him oer sawol de kwestje Helgolân as Súd-Sleeswyk yn dy jierren.

It Striidboun hat him benammen op en mei papier flink ward. It bûnsbestjoer neamde it skriftlike propaganda. Yn it tiidrek 1953-1971 binne mei-inoar 56 nûmers fan "Wy Sels" ferskynd. Dêryn waard yngrepen yn aktuele fraachstikken mei ferklearrings yn de parse en brieven oan offisjele ynstânsjes.

Neist it skriuwen foar Wy Sels waarden brieven nei oerheden skreaun. It briefkjen wie fral te dwaan om selsbestjoer foar Fryslân en in bettere posysje fan de Fryske taal.

Ein en neitins

bewurkje seksje

Nei it ferstjerren fan Folkertsma wie it gau dien mei de warberens fan it striidbûn. Yn 1969 wurdt it striidbûn frege om mei te tinken oer in mooglike opfolger fan de Kommisaris fan de Keninginne. Der komt in list mei nammen, mar sûnder resultaat. It lêst nûmer fan Wy Sels ferskynd yn 1971, dêrnei bliuwt it stil. De feriening waard op 31 desimber 1977 formeel opheft.

Sjoen de namme liket it 'Striidboun Fryslân Frij' de radikale kant neist. Yn 2001 skriuwt wittenskipper Pyt Hemminga[1]:

Oars as de namme mooglik tinken docht, giet it by it Striidboun yn de praktyk net om in radikale herfoarming fan de Nederlânske sintralistyske ienheidssteat, mar om in beskate desintralisaasje fan foech. De term selsbestjoer mei yn it begjin brûkt wêze, yn werklikheid giet it stribjen net fierder as desintralisaasje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Piet Hemminga, 'De ferkearde namme: it Striidboun "Fryslan Frij"', yn: R. Bremmer, L. G. Jansma & P. Visser (ed.), Speculum Frisicum, Ljouwert 2001, s. 317-335. ISBN 90-6171-928-3