Strjitte fan Karimata
De Strjitte fan Karimata (Yndonezysk: "Selat Karimata") is in brede seestrjitte yn Yndoneezje. It is de ferbining fan de Javasee mei de Súdsineeske See tusken de eilannen Sumatra en Borneo. De strjitte is sa'n 207 km breed, metten fan Borneo oant it eilân Billiton, dat foar de kust fan Sumatra leit.
De Karimata-eilannen lizze ticht foar de kust fan Borneo.