De struisellaach is it part fan de boaiem dêr't deade blêden, nuddels en oar guod noch werom te kennen binne. Yn de struisellaach is it proses fan fertarjen fan organyske stof geande.
De gong dêr't organyske stof op de grûn mei fertarret hinget fan in tal saken ôf. De pH en de fochtigens fan de boaiem binne wichtige faktoaren. De gearstalling fan it organyske stof spilet ek in rôl. Nuddels fan konifearen en blêden fan in boek of in iik fertarje hiel stadichoan, mar dy fan bygelyks in esk fertarje dêrfoaroer wol hurd. It fertarre guod wurdt humus of 'brún' neamd.

Struisellaach

In soad planten hawwe de oanwêzigens fan in ferskaat oan organismen, sa as bygelyks skimmels, nedich yn de struisellaach. Dêrmei wurdt wol fan in 'symbioatyske relaasje' sprutsen. Mei it ynrjochtsjen fan wâlden moat mei it plantsjen fan beammen dêr rekken mei holden wurde. By it ynrjochtsjen fan wâlden yn drûchleine polders wurde pionierbeammen sa as de wylch, popelier en els plante. Dy beammen, dy't net al te lang libje, soargje mei harren woartels foar in iepen struktuer fan de boaiem. Harren ôffallen leaf soarget foar it begjin fan de struisellaach.

Undersyk hat sjen litten dat in nij wâld mei bûke- en ikebeammen it better docht, as der grûn fan in folwoeksen wâld oan taheake wurdt mei dêryn de organismen dy't it proses fan waaksen posityf beynfloedzje.