Struktuerplan foar de Fryske Lânbou
It Struktuerplan foar de Fryske Lânbou is in plan dat globaal de ferwachte en winske romtlike ûntwikkelingen werjout. It Struktuerplan foar de Fryske Lânbou waard yn septimber 1970 útbrocht troch de Fryske lânbou-organisaasjes en oanbean oan Deputearre Steaten, it Nederlânske regear en de EEG-kommisje yn Brussel.
Yn it ramt fan dat plan kaam der in gewestlike struktuerkommisje; de Feanplolder fan Ychten waard oanwiisd as proefgebiet. Fan de eigentlike foarstelllen kaam úteinlik net folle op de hispel, wol spile it "Griene Boekje" in grutte rol by it op gong bringen fan de diskusje oer moderne ûntwikkelingen yn de Fryske lânbou.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|