In stubwing is in stik fleugelprofyl dat tusken de romp fan in fleantúch en de motor sit. De stubwing komt allinnich foar by fleantugen lykas de Fokker 70 en de McDonald Douglas MD-80 dy't de motoaren achter oan de romp hawwe. Yn dit part sitte ûnder oare de motorophinging en alderhanne liedingstelsels en kleppen dy 't de bleed regelje dat fan de motor ôfkomt.

De stubwing tusken de romp en de motor fan in Bombardier Global 5000