Subsydzje

(Trochferwiisd fan Subsidiëarring)

In subsydzje (fan it Latynske subsidium, dat "stipe" of "help" betsjut) is in finansjele bydrage, almeast fan 'e oerheid, foar it ien of oar. Faak giet it dêrby om in fergoeding foar minima (lykas hiersubsydzje) of in tydlike bydrage foar it begjinnen mei in aktiviteit wêrfan't it ekonomysk belang net drekt foar de hân leit. Men kin dan tinke oan keunstuterings lykas toaniel of oare foarmen fan teäter, muzyk en dûns. Yn sokke gefallen kin it foarkomme dat de subsydzje net fan 'e oerheid komt, mar fan in net-kommersjele organisaasje. As it ekonomysk belang fan in aktiviteit wól foar de hân leit, sprekt men net fan in subsydzje, mar fan in ynvestearring. In ynstelling dy't subsydzje ferlient, hjit in subsidiïnt.

It subsidiëarjen fan aktiviteiten is in ynstrumint dat de oerheid hat om beliedspunten te stimulearjen. Foarmen fan subsydzje binne û.m.: eftersteld kredyt, garânsjes en ynvestearringspreemjes. Der bestiet in breed ferskaat fan aktiviteiten dy't sûnder subsydzje net mooglik of foar brûkers ûnbetelber wêze soene. Njonken de al neamde keunstuterings kin men dan tinke oan museä, mar ek oan it ûnderwiis en it iepenbier ferfier. Oare dingen dêr't subsydzje foar jûn wurdt, binne bgl. it beteljen fan de hier troch lju mei in leech ynkommen (hiersubsydzje), aktiviteiten foar de reyntegraasje fan wurksykjenden op 'e arbeidsmerk, en projekten foar it opwekjen fan duorsume enerzjy.

Oan it jaan fan subsydzje klibbet it gefaar dat der ôfhinklikheid mei kreëarre wurdt: guon dingen dy't yn 't earstoan subsidiëarre wurde, kinne letter net mear sûnder subsydzje. It stopsetten fan 'e subsidiëarring liedt dan faak ta in maatskiplik konlfikt oer nut en kosten.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.