Sultan's Trail is in kuierpaad foar lange-ofstânrinners fan Wenen, Eastenryk nei Istanbûl yn Turkije. It folget rûchwei de tocht fan Instanbûl nei Wenen sa as sultan Süleyman de Grutte, machthawwer fan it Ottomaanske Ryk, yn 1529 yn syn deiboek beskreaun hat. De hiele lengte fan it paad wurdt skatten op sa ‘n 2400 kilometer. Dizze tocht is in oanfolling op al earder besteande paden foar rinners fan lange ôfstânnen (L.A.W's) yn Europa en Turkije. De rûte is nei histoarysk ûndersyk fan Sedat Çakır (İzmir, 1960) en Mohamed El-Fers, (Haarlim, 1950) yn 2009 opsetten. Wilens is de rûte mei help fan in ploechje frijwilligers útsetten. Çakır rûn yn 2007, as moslim, de pylgerrûte nei Santiago de Compostela yn Noard-West-Spanje. As pylger ûnderweis ûntduts er dat de dialooch tusken de ferskate kulturen ûnder it rinnen folle makliker ûntstiet as yn it ‘gewoane’ libben. Dat hat him ynspirearre ta it ûntwikkeljen fan in oar histoarysk paad: de Sultan's Trail. Mohamed el-Fers, dy’t him holp dit paad fierder te ûntwikkeljen, is in Nederlânsk publisist, musikus en filmmakker.

Süleyman de Grutte besette yn 1521 Belgrado en fersloech yn 1526 it leger fan kening Loadewyk II fan Hongarije en Bohemen yn 'e twa oere duorjende fjildslach by Mohacs. Op 10 maaie 1529 gong er opnij nei it westen en nei in swiere tocht (rein en oerstreamings) fan fjouwer moanne kaam syn leger by de stêd Bûdapest.

Ein septimber luts er mei syn leger fierderop nei Wenen. Nettsjinsteande de suterige steat fan de Weenske stedsmuorren koene dy de ferswakke oanfallers keare. Nei trije wike luts Süleyman him werom nei Bûdapest. In 1532 besocht er it opnij. In dat jier kaam er oant de stêd Köszeg yn Hongarije (80 km fan Wenen), dy joech har nei trije wike belegerjen oer. Nei in 11-jierrich skoft bisluet de sultan, hy wie doe al 60 jier, noch ienris syn leger persoanlik oan te fieren, op nei Wenen. Op 7 septimber 1566 stoar hy yn de omkriten fan Szigetvar yn Hongarije. Oars as yn it gewelddiedige ferline, is de Sultan's Trail no in paad fan frede. De Trail begjint by de Stephans Dom yn it sintrum fan Wenen. De klokken fan dizze tsjerke binne makke fan it omraande izer fan de Ottomaanske kanonnen. Het paad haldt op by it grêf fan de sultan efter de Süleymaniye moskee yn Istanbûl. De Sultan's Trail makket op guon plakken gebrûk fan besteande Europeeske langeofstânpaden, dêr't in part fan de Blauwe rûte yn Hongarije ûnder is, de E8 en de Donauwei. Sultan's Trail is yn Turkije yn ’t fjild markeare mei de ynternasjonaal bekende wyt-reade merktekens fan langeofstânkuierpaden (LAW) en stiet yn detail biskreaun yn in spesjale gids foar kuierders foar it part yn Turks Traasje. Dielen fan it paad yn Eastenryk, Hongarije en Kroaasje binne yn it fjild markearre mei de ynternasjonaal bekende wyt-reade merktekens fan lange ofstânpaeden (LAW), mar moatte it foarearst noch sûnder in printe gids dwaan. GPS-gegevens fan de markearre parten fan de Sultan's Trail binne biskikber foar de kuierder. De rûte dy’t oanjûn is as haadrûte beskriuwt sa folle at kin de plakken dy 't oanjûn binne yn it deiboek fan de sultan út 1529. It deiboek waard yn 1858 oersetten yn it Dútsk.

Eastenryk: Wenen, Simmering, Schwechat, Rauchenwarth, Trautmannsdorf an der Leitha, Bruck an der Leitha Sommerein, Breitenbrunn, Purbach am Neusiedler See, Donnerskirchen, Hornstein, Eisenstadt, Oggau am Neusiedler See, Rust, Mörbisch am See, Pamhagen, Neusiedl am See,Petronell-Carnuntum, Hainburg an der Donau

MATS Balaton rûte (oant Mohács): St.Martin.

Slowakije: Devin, Bratislava, Marianka, Modra, Harmónia, Častá, Dobrá Voda, Prašník, Vrbové, Čachtice, Nové Mesto nad Váhom, Beckov,Trenčín, Topoľčany, Nitra, Nové Zámky, Kolárovo, Kameničná, Komárno, Iža, Radvaň nad Dunajom-Žitava, Radvaň nad Dunajom, Moča, Kravany nad Dunajom, Obid, Štúrovo

Hongarije: haadrûte: Halászi, Győr, Tata, Tatabánya,Annavölgy, Esztergom, Szentendre, Budakalász, Boedapest, Százhalombatta, Székesfehérvár, Dunaföldvár, Szekszárd, Bátaszék, Mohács, Sátorhely, Udvar

MATS Balaton rûte (oant Mohács): Sopron, St.Martin, Kőszeg, Sárvár, Sümeg, Keszthely, Szuliman, Csertő, Szigetvár, Pécs, Mohács.(nei Mohács deselde rûte as boppe)

Kroaasje: Topolje, Draz, Podolje, Popovac, Beli Manastir, Karanac, Kneževi Vinogradi, Grabovac, Darda, Osijek, Đakovo,, Vinkovci, Vukovar, Šarengrad, Opatovac, Ilok.

Servje: haadrûte: Morović, Sremska Mitrovica, Mačvanska Mitrovica, Jarak, Šabac, Belgrado, Grocka, Smederevo, Smederevska Palanka, Svilajnac, Despotovac, Paracin, Niš, Niška Banja, Bela Palanka, Pirot, Dmitrovgrad. Vojvodina rûte (oant Belgrado):Bački Breg, Bezdan, Bački Monoštor, Sombor, Apatin, Bač, Bačka Palanka, Neštin, Novi Sad, Petrovaradin, Sremski Karlovci, Krušedol Selo, Šatrinci, Dobrodol, Ljukovo, Golubinci, Vojka, Novi Banovci, Zemun.

Bulgarije: haadrûte: Kalotina, Dragoman, Sofia, Novi Han, Ihtiman, Pazardzjik, Stamboliyski, Plovdiv, Kuklen, Sadovo, Parvomay, Mineralni Bani, Chaskovo, Charmanli, Lyubimets, Svilengrad.

Bergrûte (nei Sofia):Vitosja, Samokov,Rilakleaster,Rila, Velingrad, Borino, Smoljan, Ardino, Kardzjali, Svilengrad

Grikelân: Ormenio, Diakia, Marasia, Kastanies

Mübadele yolu rûte: Kyprinos, Komara, Fylakio,Elea, Keramos, Plati, Arzos,Kanadas, Kastanies

Turkije: haadrûte: Kapıkule, Kemalköy, Karabulut, Sarayakpınar, (Sırpsındığı), Avarız, Edirne, Kösençiftliği, Söğütlüdere, Hasköy, Hamzabey, Uluçınar, Ahmetbey,Karlı, Hallaçlı, İnceğiz, Çatalca, Dursunköy, Sazlıbosna, Şamlar, Kayabaşı, Eyüp Sultan Moskee, Fatih en Süleymaniye-moskee yn Istanboel

Avyolu rûte (nei Edirne): Hıdırağa, Karayusuf, Ortakça, Kavaklı, Yağcılı, Süloğlu, Büyük Gerdelli, Dolhan, Paşayeri, Koyunbaba, Kırklareli, Kızılcıkdere, Üsküpdere, Karıncak, Kaynarca, Pınarhisar, Erenler, Poyralı, Doğanca, Develi, Vize, Okçular, Evrenli, Çakıllı, Kavacık, Saray, Küçük Yoncalı, Safaalan, Binkılıç, Aydınlar, Yaylacık, Gümüşpınar, İhsaniye, Akalan, Dağyenice, Boyalık, Dursunköy (nei Dursunköy deselde rûte as boppe)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: