Swart Front (Zwart Front) wie in Nederlânske faksistyske organisaasje fan 1934 oant 1941.

Swart Front tsjin NSB. Brosjuere út 1935.

It Swart Front waard maaie 1934 oprjochte troch sjoernalist Arnold Meijer, dy't yn it earstoan pryster wurde sillen hie. It Swart Front rjochte him fral op it faksistyske Itaalje en net sa op it nasjonaal-sosjalistyske Dútslân. It Swart Front wie ek bot antysemitysk en besocht de NSB wat antysemitisme oanbelange te boppe te gean. It Front wie ek fûl antykapitalistysk en 'revolúsjonêr'. Meijer seach dúdlike oerienkomsten tusken it kapitalisme en it marksisme. Beide kamen neffens Meijer út it joadendom fuort.

By de Twadde-Keamerferkiezingen fan 1937 helle de partij 8178 stimmen; net genôch foar in sit.

It Swart Front stribbe oansluting fan Flaanderen by de Nederlânske steat ta in Grut-Nederlân nei; it wie fan betinken dat minsken dy't deselde taal sprieken yn ien en itselde lân feriene hearden te wêzen. Dat wie it stribjen fan de NSB net en mei omdat de Dútske besetter nei de ynfal oparbeidzjen giene mei de NSB en net mei it Front is it ek nea realisearre.

De Dútskers woene neat fan it Front (wilens 'Nasjonaal Front' hjitten) witte. Hjerst 1941 waard it Nasjonaal Front ferbean om reden fan it langjen fan it Front om foar de Dútsers oer in selsstannige, Nederlânske, mar wol mei faksistyske ynfloeden, beweging te bliuwen. Doe't Dútslân Nederlânske manlju oprôp foar de striid tsjin de Sovjet-Uny woe Meijer, dat it Nasjonaal Front, dat de soldaten Nederlânsk bliuwe soenen en harren eed op de Nederlânske flagge ôflizze soene. De Dútskers easken lykwols in eed op de Führer en makken mei it ferbieden fan it Nasjonaal Front in ein oan de diskusje.

Keppelings om utens

bewurkje seksje