Swevelkopke
It Gewoane Swevelkopke (Hypholoma fasciculare, earder ek Psilocybe fascicularis) heart ta de plaatsjesswammen en groeit yn tichte groepen oan de foet fan leaf- of nuddelbeammen yn bosken of plantsoenen. De poddestoel is tige algemien yn Noard-Europa en Noard-Amearika. Hy is oantroffen yn Iran en ek yn East-Anatolië yn Turkije. [1] Hy kin op elk momint ferskine, fan de maitiid oant de hjerst.
De kleur fan it Gewoane Swevelkopke is swevelgiel mei oranjebrún sintrum en faak mei skiergiele oant donkerbrune flues stikjes (velumresten) oan de râne. De plaatsjes dy't oan de ûnderkant fan de hoed sitte binne gielgrienich en by it âlder wurden donkerbrún. De oant 10 sm lange en kwalik 1 sm. brede stâle fan de poddestoel is swevelgiel mei in swakke ringsône en oan de foet oranjebrún. De hoed hat in trochsneed fan 2-6 sm. De spoaren binne poarperbrún fan kleur.
Giftichheid
bewurkje seksjeIt Gewoane Swevelkopke smakket tige bitter en is slim fergiftich en kin maklik ferwiksele wurde mei de ytbere Dinneswevelkop (Hypholoma capnoides) en it Stobbeswamke (Kuehneromyces mutabilis).
Bûtenlânske nammen
bewurkje seksjeIngelsk: Sulphur tuft
Dútsk: Grünblättriger Schwefelkopf
Frânsk: Hypholome en touffe, Agaric doré
Italjaansk: Ifoloma fasiculato
Nederlânsk: Gewoon Zwavelkopje
Keppeling om utens
bewurkje seksje- SoortenBank.nl beskriuwings en ôfbylden
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hypholoma fasciculare fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|