Swier Izer wie in akoestysk duo mei eigen Frysktalige ferskes. De band bestie út Fre de Vries en Henk Veenstra. Sy wienen aktyf yn Fryslân tusken 1991 en 1994. It duo wie foaral bekend fanwege de demokasette "De Plysje".

Swier Izer
band
Byldmateriaal ûntbrekt
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjongtaal Frysk
sjenre rock
bestean 19911994
leden
Sang &
Gitaar
Fre de Vries
Sang &
Gitaar
Henk Veenstra

Swier Izer is (min of mear) de Fryske oersetting van Heavy Metal. De mannen makken Heavy Metal op akoestyske gitaren. It gie der faak rûch op 'n ta.

Neist de ferneamde teksten en net te folgjen gitaar rifs, wie it duo bekend om harren frjemde easken dy't se stelden oan harren klaairûmtes. Sa moasten der altiten trije kratsjes bier (Heineken®) klearstean, wylst allinnich Henk (aka Henkie Heinekens) bier dronk. Fré stie bekend om in ynnimmen fan jus d'orange. Dêrfan moast altiten 'in net te lytse mar ek net te grutte amer' farskperst klear stean.

Yn 1994 is it duo der mei op hâlden omt hja de druk fan it sukses net langer oan koenen.