Zware Jongens

(Trochferwiisd fan Swiere Jonges)

De Zware Jongens (Frysk: 'Swiere Jonges') is in feestduo dat bestiet út Fokko Dam út Snits en Arie Kuipers út Makkum. De liveoptredens fan de Zware Jongens binne ien grut doch – en sjong mei feest. It publyk wurdt útnûge om mei te dwaan mei ferskate grappige beweginkjes en wurdt traktearre op in tige fermaaklike sjo. Yn 2000 sloegen beide mannen de hannen yninoar en sa foarmje sy it feestduo De Zware Jongens. Sjoen harren gewicht in passende namme. It begûn allegear mei harren fersy fan Anton aus Tirol dy't foar in Top 20-notearing soarge. Harren feestknaller út 2007, "De Jodeljump". waard útroppen ta feesthit fan it jier en levere de Zware Jongens in priis op. Publyksfavoryt Stil aan de overkant wurdt noch alle wiken songen yn mannich fuotbalstadion.

Swiere Jonges
band
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjongtaal Frysk
sjenre feestmuzyk
bestean 2000 – no
webside Webstee fan de Zware Jongens
leden
Fokko Dam
Arie Kuipers

Fokko en Arie

bewurkje seksje

Fokko Dam en Arie Kuipers binne eigeners fan it artysteburo BME Bookings yn Wytmarsum. Dêr wurde de boekingen dien fan artysten as Anny Schilder, Rob Ronalds, Country Wytske en Django Wagner, fan bands as Dakkeraf, Stream en de nije band fan Koos Keus, Sytse Haima (Pigmeat) en Sipke de Boer (Beugelband): De Suskes. Ek fan ferneamde DJ’s as Robert Abigail (Mojito-song fan de Bacardi reklame) en DJ Diva wurdt de agenda fierd. Fokko waard al op syn tolfde lid fan de drumband út Snits. Hy wie drumbandynstrukteur foar in hiel soad bands en skriuwt sels muzyk. Fokko is ek in foaroansteand lid fan de Blauhúster Dakkapel. Fokko hâldt de boerdsjes mei teksten yn 'e loft. Yn 2003 fierde er it 25-jierrich jubileum as ynstrukteur fan Drumband Hallelujah Makkum. Neist in soad oare dingen wie er ek presintator fan de Haidiho-show, in programma mei foaral Hollânske muziek dat op GPTV útstjoerd waard.

Arie Kuipers skreau ferskes foar û.o. Han Peekel en it Avro tv – programma Wordt vervolgd. Hy wie komponist fan ûnder oare de reedrydhit Bonkevaart/Bonkefeart. Yn 2009 makke er in protestliet tsjin it jildfergriemen fan de gemeente Wûnseradiel. Yn in fariant op it Smurfenliet hat er de gek mei it ôfskiedskado dat de gemeente foar har ynwenners keapje wol; in boek, in stripferhaal en in cd dy’t in ton kostje moast.

Fokko en Arie makken tegearre ek de hit foar reedrider Eric Hulzebosch: Hulzebosch Hulzebosch.

 
De Zware Jongens yn Halle.
  • Bejaardenlied / Pamela (Zware Jongens & Jantje Smit) ( 2000 )
  • Anton aus Tirol ( 2000 )
  • Holland is de kampioen! (Voetbal Anton) ( 2000 )
  • Wurst Wurst Wurst ( 2000 )
  • Wilhelmus (Johan Vlemmix en de Zware Jongens) ( 2001 )
  • Stil aan de overkant! ( 2001 )
  • Hang On Sloopy ( 2001 )
  • Heidi Heidi Hoo( 2002 )
  • 't Komt wel voor elkaar ( 2004 )
  • De Houthakker (Der Holzmichel) ( 2005 )
  • Alles heeft een einde ( 2006 )
  • Krattenwals ( 2007 )
  • Jodeljump (Zware Jongens vs. DJ DaRoon)'( 2007 )
  • PSV Jump (Zware Jongens feat. DJ DaRoon) ( 2007 )
  • Hoog is de zolder ( 2008 )
  • Rose Marie ( 2009 )
  • De poes van tante Loes ( 2010 )
  • Dikke Pret !
  • Stil aan de Overkant !