Switsersk bankgeheim

It Switsersk bankgeheim, better: bankklantengeheim, is it by wet fan 1934 beskermjen fan gegevens fan rekkenhâlders en harren fermogens op banken yn Switserlân.

Switserske Nasjonale Bank

Yn 1932 die de Frânske plysje in ynfal yn in hotel yn Parys. Dêr wie in gearkomst fan de Basler Handelsbank út Bazel om foar in pear tûzen begoede Frânsen, dy't har jild dêr ûnderbringe woene, te bepraten hoe't de Frânske belesting ûntdûkt wurde koe. Dit joech in skandaal dat noch slimmer waard doe't in sosjalistysk parlemintslid in twadde list fan foaroansteande belestingûntdûkers hie. Hjirop stienen nammen fan biskoppen, generaals en senators mar ek de magnaat Peugeot en de eigener fan de konservative krante Le Figaro. De opskuor sloech oer nei Switserlân, dêr't in soad ûngerêste klanten it jild fan de bank hellen. It Switserske regear lei doe wetlik fêst dat de wet bedoeld wie om fermogens fan joaden tsjin de nazi's te beskermjen.

Yn 1966 kaam Bulletin, it blêd fan de Switserske Kreditanstalt für Wiederaufbau (in ûnderdiel fan it Marshallplan, letter Credit Suisse wurden) mei it berjocht fan in anonime korrespondint dat de wet fan 1934 bedoeld wie om de yntinsive spionaazje mei Joadsk jild te kearen. It bankgeheim soe it fermogen en de libbens fan tûzenen minsken rêden hawwe. It blykte in myte te wêzen: Yn de njoggentiger jierren kaam út dat inkele Switserske banken Joadske fermogens fêsthâlden hiene sûnder de neibesteanden ynljochte te hawwen. Ek waard bekend dat de Switserske Nasjonale Bank "rôfgoud" fan de nazi's ferburgen hie,

Yn 2008 blykte in yllegale CD makke te wêzen mei nammen fan bankklanten yn Switserlân en harren fermogen dy't foar miljoenen te keap oanbean waarden oan Frankryk en Dútslân. Ek de Nederlânske belestingtsjinst hie ynteresse omdat mei dy listen foar miljoenen oan ferswijde rinte ynbard wurde koe. It bankgeheim kaam mear en mear ûnder druk te stean. Yn 2009 joech de USB ynformaasje oer klanten út de Feriene Steaten dy't belesting ûntdûkten.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: