De Switserske Garde is in keppel hiersoldaten fan Switserske komôf. Hja hâlde tafersjoch yn it Fatikaan en wurkje foar de paus. Der binne 110 man by de Garde, wêrfan 6 offisieren, 26 ûnderoffisieren en 78 soldaten (gardisten).

Switserske Garde
Soldaten fan de Switserske Garde yn unifoarm
Soldaten fan de Switserske Garde yn unifoarm
Oprjochte 1506
Lân Flagge fan Fatikaanstêd Fatikaanstêd
Part fan Lânmacht
Type Liifwacht
Grutte 135 soldaten
Garnizoen Fatikaanstêd
Motto "Acriter et Fideliter"
('Dapper en trou')
Kleur read, giel en blau

Bern tusken de 14 en 18 jier kinne in oriïntaasje by de Switserske Garde yn it Fatikaan dwaan. Manlju tusken de 19 en 30 jier meie gading meitsje. It moatte katolike manlju wêze fan Switserske komôf dy't op syn minst 1,74 m grut binne.

Uniform en ark

bewurkje seksje

Alhiel neffens de tradysje ha de soldaten in blau-giel-read uniform. Guon tinke dat it uniform troch Michelangelo makke is. It uniform is lykwols makke troch de Jules Repond, dy't yn it tiidrek 1910-1921 kommandant fan de Garde wie. De soldaten ha ek in blau deistich uniform. De soldaten yn it kreaze uniform rinne sichtber mei in swurd en helleburd. Yn de broeksbokse ha se in automatysk gewear en pistoal.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: