Syllabisearring (syllabe = wurdlid) is in fonetysk proses wêrby de /ə/ yn it lêste wurdlid net mear útsprutsen wurdt. It is allinnich mooglik wannear't -en, -em, -el as -er yn it lêste sletten wurdlid stean.

Foarbyld:

  • -en doarren [dụar'n]
  • -em biezem [bi.əz'm]
  • -el sipel [sip'l]
  • -er stumper [stömp'r]

Guon wurden dy't mei -ng einigje kinne ek syllabisearje. Dat kin lykwols allinnich by wurden dy't mei ing einigje lykas kening.