Syngronisaasje
Syngronisaasje is it proses fan eat dwaan of meitsje op deselde tiid. It is ôflaat fan de Grykske wurden συν (sýn) 'tegearre' en χρόνος (chrónos) 'tiid'. Yn de njoggentjinde iuw is syngronisaasje wichtiger wurden yn de skiednis fan de minske. Bygelyks it lyk setten fan de klokken njonken de spoarwei. Sa koene treinen neffens de tiden fan it spoarboekje ride. Sûnt doe is it belang fan syngronisaasje hieltyd grutter wurden.
Foarbylden fan it lykmeitsjen fan 'e tiid binne te finen by:
- Film, fideo: it lyk rinne litte fan byld en lûd.
- Telefyzjebylden: de bylden dy't troch it tillefyzjetastel komme, moatte lykrinne mei de ûntfongen bylden. Soksoarte syngronisaasje fynt ek plak op kompjûterskermen.
- Fotokamera en flits: mei it iepenjen fan de sluter tagelyk de flits ôfgean litte (ek flitssyngronisaasje neamd)
- Telekomunikaasje
- Triemsyngronisaasje