Sytze Willems Schippers

Sytze Willems Schippers (Sint Omer - Boalsert, 1823) wie in rektor yn Boalsert.

Waard oplaat troch de Ljouwerter rektor Valentinus Slothouwer. Hy liet him op 18 septimber 1810 ynskriuwe as studint oan de hegeskoalle yn Grins. Op 28 april 1818 promovearre er dêr yn de Letteren op in proefskrift Observationes criticae in Propertii I, IV (Grins, 1818). Hy waard rektor oan de Latynske skoalle yn Boalsert, dêr't hy oant syn dea ta wurke hat.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • NNBW
  • R. Visscher - Catalogus der stedelijke bibliotheek van Leeuwarden, (De Haach, 1932)