Türk Telekom Arena
De Türk Telekom Arena is in fuotbalstadion yn Istanbûl mei 52.652 sitplakken. It stadion is yn 2011 iepene en der spylje twa klups, Turkije en Galatasaray. De iepeningswedstriid fan de wrâldfuotbalkampioenskippen fan 2011 waard yn dit stadion spile.
Kleuren
bewurkje seksjeIt stadion kin fan kleur feroarje. As Galatasaray thús spilet, dan is it stadion read. As Turkije thús spilet, dan is it stadion blau. Foar oare wedstriden, bygelyks fan it Dútske nasjonale team, wurdt de neutrale kleur wyt brûkt.
Kapasiteit
bewurkje seksjeYn it stadion binne 52.652, as de steanplakken meirekkene wurde is der yn totaal plak foar 60.289 minsken. It tal sitplakken op de ûnderste ring is 12.000, de middelste hat 14.000 en boppe kinne 22.000 minsken sitte. Fan de 50.000 sitplakken binne 5.000 business seats, 157 sitplakken foar parse.