Taalbarriêre of taalkleau is in term foar de swierrichheden dy't lju ûnderfine dy't net deselde memmetaal hawwe, mar dochs mei-inoar kommunisearje wolle. De 'barriêre' út it wurd is dus yn figuerlike sin bedoeld. Der is in wiid ferskaat oan metoaden foarsteld om sokke kommunikaasjeproblemen wei te nimmen, lykas oersetten, tolkjen en it learen fan frjemde talen. Ek it gebrûk fan in trêde taal, lykas in keunsttaal (bgl. it Esperanto of it Ido), in helptaal of lingua franca (lykas it Ingelsk), of in ferienfâldige taalfoarm (lykas in pidgintaal) wurdt wol as de oplossing sjoen en/of brûkt.

Mei de oantsjutting 'taalbarriêre' wurdt soms ek ferwiisd nei de swierrichheden dy't minsken hawwe kinne om inoar te begripen as se wol deeglik deselde memmetaal hawwe, mar bygelyks út folslein ferskillende sosjale fermiddens of út ûnderskate subkultueren komme, of sels as se deselde sosjale eftergrûn hawwe, mar om de iene of oare reden byinoar lâns prate.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Crystal, David, The Penguin Dictionary of Language (Second Edition), Londen, 1999 (Penguin), ISBN 0 14 05 14 163, s. 186-187.