Tabaksdoaze
In koperen tabaksdoaze om tabak yn te bewarjen wie foar de oarloch tige algemien by boeren en arbeiders. De lúkse tabaksdoazen wienen fan sulver en waarden bygelyks as priis jûn by it keatsen en it hurdsilen, krektas tabakspotten. It waard ek wol as oantinken oan iistochten meinomd. Faak stienen der opskriften, bibelske foarstellings of oare foarstellings op. De koperen tabaksdoazen waarden eartiids ek brûkt as wapen. Der wurde in soad tabaksdoazen bewarre yn it Frysk Museum en it Frysk Skipfeart Museum.
It Frysk Skipfeart Museum yn Snits hat yn de kolleksje in tabaksdoaze dy't wûn is troch Eeltsje Halbertsma. De fersiering bestieat û.o. út in margesicht mei in sylboatsje, in fisker en in pleats, allegear opboud út min ofte mear lykstrekige linen om in golfpatroan. Sydkanten en efterkant binne fersierd mei sierlinen. Oan de binnenkant fan it lid stiet in ynskripsje:
Gysbert Japicx greate namme
haw ik oan myn scipke joon,
In de prys, der elts op flamme,
Fiks mei glans in glorie, woon.
Eern fleag Gysbert mei syn pinne
Op de wieucken fen 't foarstân
Nou oer Frieslâns marren hinne
Broest er, Sylt er as de brân.
Oppe Snitsermar is dizze prys woon
Mei it Jagt Gysbert Japicx den 21 augst. 1844
trog Doctor E. Halbertsma.
Eeltsje Halbertsma's tabakdoaze
bewurkje seksje-
Tabaksdoaze
-
Tabaksdoaze Halbertsma
-
Tekst Tabaksdoaze'
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|